Dei fan 'e spastyske sykten

04 sep 2012 - 16:30

Revalidaasje Fryslân yn Beestersweach docht tiisdei mei oan de earste wrâlddei foar spastyske sykten. Doel dêrfan is fernimme te litten hoe't it is om spastysk te wêzen. Dêrta brûke de meiwurkers mei de lunsj mar ien hân. De oare hân sit yn in ovenwant of fêst mei in elastykje. Iten is foar in soad spastyske bern in hiele toer. De meiwurkers kinne dat no sels ek eefkes fernimme en dat is better foar it kontakt mei de kliïnt.

De dei hjit offisjeel Wrâld Cerebrale Parese Dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)