Ofspraken oer supporters

04 sep 2012 - 16:07

De gemeente Hearrenfean hat op 'e nij mei twa betelle fuotbal klups ôfspraken makke oer de begelieding fan supporters by wedstriden yn it Abe Lenstrastadion. NAC Breda en FC Grins sille sels minsken meistjoere nei It Hearrenfean, om sa de kâns op opskuor sa lyts mooglik te meitsjen.

Boargemaster Van der Zwan fynt dat de gemeente no mei alle klups dy't noch foar de winterstop nei it Fryske Haachje komme, goede ôfspraken makke hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)