Help foar kwestbere jongeren

04 sep 2012 - 15:08

In sportprojekt op It Hearrenfean om kwetsbere jongeren net fierder ôfglydzje te litten is in súkses. Jongeren wurde opsocht en stimulearre troch in jongerewurker fan ferslavingssoarch. Se kinne meidwaan oan in fitness- en praatprogramma. Net allinnich wurde drugsferslave jongeren begelaat nei in oplieding of in baan, it wurket ek nochris previntyf.

Fan febrewaris ôf hawwe tolve jongeren meidien. Fjouwer fan harren sitte op 't heden op skoalle. Oaren dogge frijwilligerswurk by in jongeresintrum.

Op It Hearrenfean wiene problemen mei hingjongeren dy't de partydrug GHB brûkten. Dat is no yn kaart brocht, oanpakt en ferbettere, mei troch it sportprojekt. It projekt is in gearwurking fan gemeente, plysje, Sportstêd Hearrenfean, SC Hearrenfean en Ferslavingssoarch Noard-Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)