Tegels yn Opsporing Verzocht

Twa fan de stellen tegels
De stellen samling âlde tegels fan Jan Holtkamp út Harich komme jûn yn Opsporing Verzocht. Op 9 oktober 2010 waarden út it hûs fan samler Holtkamp mear as hûndert seldsume tegels stellen mei in wearde fan 326.000 euro.
De plysje hat noch gjin inkelde ynformaasje krige oer de opmerklike ynbraak. De tegels binne ek noch net te keap oanbean. Dêrom is in beleanning fan 25.000 euro útset foar de gouden tip.