Auto trochrider klemriden

04 sep 2012 - 10:19

In 21-jierrige Ljouwerter hat moandeitemoarn op It Hearrenfean in ûngelok feroarsake en is dêrnei fuortriden. Op de Wetterwille joech de man gjin foarrang oan in 31-jierrige bestjoerder fan It Fean. De Ljouwerter naaide út, mar in tsjûge dy't in ûngelok sjoen hie, ried him klem.

Doe't de plysje him oanhâlde, die bliken dat de Ljouwerter ek gjin riidbewiis hie. Tsjin him is proses-ferbaal makke.

Trefwurden: 
ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)