Roaiferbod foar ierappels

04 sep 2012 - 10:11

Tusken Alde Biltsyl en Seisbierrum jildt sûnt tiisdei in ierappelroaiferbod. Boeren meie de ierappels net fan it lân helje oant se kontrôle hân hawwe fan it Ministearje fan Lânbou. Dat wol yn kaart bringe hokker ekers ûnder wetter stien hawwe troch it reinwetter fan ferline wike.

Mei de maatregel moat neffens boere-organisaasje LTO foarkaam wurde dat der in eksportferbod komt. De LTO giet derfan út dat it roaiferbod woansdei oan de ein fan de dei opheft wurdt. Woansdeitejûn is yn St. Anne in gearkomste foar boeren.

Trefwurden: 
ierappels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)