Alvestêdetocht Paddling

04 sep 2012 - 09:46

Yn Ljouwert binne tiisdei 160 peddelers op in surfplanke úteinset foar de saneamde stand-up-paddle-alvestêdetocht. SUP is in sport dy't benammen op Hawai beoefene wurdt.

It is de fjirde kear dat de paddling-alvestêdetocht hâlden wurdt. It startplak wie yn de Prinsetún. De dielnimmers peddelje steande op in surfplanke yn fiif dagen de Fryske alve stêden bydel.

Der binne tritich wedstriiddielnimmers en tsien rekreaasjedielnimmers, wêrûnder siler Pieter Jan Postma, en noch in grut tal teams.

Trefwurden: 
Alvestêdetocht peddling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)