Dakbrân hûs Minnertsgea

04 sep 2012 - 07:11

By in brân oan in hûs oan de Lytse Buorren yn Minnertsgea is moandeitejûn in soad skea ûntstien. It fjoer ûntstie op it dak, mooglik as gefolch fan wurk oan it hûs.

De brânwacht wie der rap by en koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei it hûs neist de wenning dy't yn de brân stie.

Trefwurden: 
brân hûs dak Minnertsgea
(advertinsje)