Jansma bout nij yn Ljouwert

Bedriuwen wolle har graach festigje yn Ljouwert. Dat sei wethâlder Henk Deinum moandei by it slaan fan de earste peal foar in festiging fan wegebouwer Jansma Drachten BV op it Newtonpark oan de súdkant fan Ljouwert. De haadlokaasje fan Jansma sit yn Drachten, mar omdat der in soad klanten yn de regio Ljouwert sitte, komt dêr ek in festiging.
De ferkeap fan kavels yndustryterrein giet goed en dat hat ûnder oare te krijen mei de ynfrastruktuer om de stêd hinne. Dy wurdt stadichoan better troch de oanlis fan de Heak en twa nije akwadukten.