Hendikepten op ferkiezingstoer

03 sep 2012 - 20:57

Net allinnich politisy binne op ferkiezingstoer, ek guon belange-organisaasjes. Sa wiene moandei yn it sintrum fan Ljouwert hendikepten op jacht nei in stim. De Chronisch zieken en Gehandicapten Raad en it Platfoarm Verstandelijk Gehandicapten gean it hiele lân troch om mei kandidaat-Twadde Keamerleden te praten oer harren posysje.

Tiisdei wie de ChristenUnie oan de beurt, yn 'e foarm fan de nûmer 8 op 'e list Anja Haga fan Ljouwert. Sa moast se ûnder oare in parkoers ôflizze yn in rolstoel. De organisaasje gie ek mei Haga yn debat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)