Touringcar hat negatyf imago

Jonge minsken hawwe in negatyf byld fan reizgjen yn touringcars. In kampanje moat dêr feroaring yn bringe. Jongeren tinke dat de bus foar âlde minsken is, mar branzjeorganisaasje 'Koninklijk Nederlands Vervoer' wol dat byld feroarje. Sa hopet KNV jongeren tagelyk derfan te oertsjûgjen om touringcarsjauffeur te wurden, want dêr is ek in bytsje belangstelling foar.
De aksje 'De bus krijgt steeds meer fans' bestiet út reklamespotsjes, aksjes op Facebook en 140 bestikkere bussen.