Stimme op NS-stasjon Ljouwert

Stimme © ANP XTRA
Ljouwerters kinne nije wike woansdei ek op it NS-stasjon stimme. It stasjon fan Ljouwert is ien fan de fjirtich stasjons dêr't in stim útbrocht wurde kin foar de Twadde Keamerferkiezings. It is net foar it earst dat der foar treinreizgers in stimburo ynrjochte wurdt.
By de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint yn 2009 koe ek op it stasjon fan It Hearrenfean stimd wurde. De gemeente Hearrenfean hat twa kear in mobyl stimburo hân, mar sjocht dêr dit jier fan ôf omdat strangere rjochtlinen it te yngewikkeld meitsje.