Restaurant Havenmantsje iepen
Woansdei giet yn Harns lang om let it restaurant 't Havenmantsje iepen. Eigener Marco Poldervaart lei lang mei de gemeente yn de klinsj oer útwreiding fan it monumint mei hotelkeamers. Dat bouplan waard net goedkard, sadat Poldervaart no earst it restaurant iepenet. It hotel hopet Poldervaart takom jier te iepenjen.
Nei it skeel mei de gemeente ferkocht de sjef syn restaurant De Gastronoom en naam doe De Fuik yn Aalst oer. Dêr bliuwt Poldervaart achter it fornús stean, yn 't Havenmantsje wurdt Ivo van der Molen sjef.