AOb wol oar skoaltafersjoch

03 sep 2012 - 20:14

Underwiisfakbûn AOb wol dat it tafersjoch op de finânsjes fan ûnderwiisynstellings feroare wurdt. Ynstee fan kontrôle achterôf, soene de skoalbestjoeren in mearjierreplan meitsje moatte. Dat plan soe dan yn it foar toetst wurde moatte troch de Underwiisynspeksje. Soks moat finansjele problemen tefoaren komme.

It AOb ferwiist nei sifers fan de ynspeksje. Dêr docht út bliken dat santjin ûnderwiisynstellings yn it ferline reade sifers skreaunen en ûnder tafersjoch stean. Twa dêrfan sitte yn Fryslân.

Ien fan dy twa skoallen wie it ROC Friesland Kolleezje. Dat skriuwt no gjin reade sifers mear. It tafersjoch troch de ûnderwiisynspeksje wurdt dêrom meikoarten opheft.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)