Marit Bouwmeester wer thús

14 des 2011 - 08:29

Sylster Marit Bouwmeester wurdt woansdeitemoarn feestlik ynhelle yn har wenplak Warten. Moarns goed 6 oere kaam de wrâldkampioene út Australië oan op Skiphol, dêr't har doarpsgenoaten har opwachten. Yn Warten wurdt se opwachte troch famylje, freonen en de bern fan de basisskoalle.

Tongersdeitejûn is der dan noch in grut feest dêr't se ek offisjeel huldige wurde sil. Mar tongersdeitejûn is Marit earst te gast yn it Boppeslach Kafee by Omrop Fryslân op tillevyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)