Tsjerke mooglik net ticht

03 sep 2012 - 15:09

Der wurdt ûndersocht oft de Koepeltsjerke yn Ljouwert selsstannich fierder kin. Dat is oan de gemeenteleden meidield. De Koepeltsjerke is ien fan de fjouwer tsjerken yn Ljouwert dy't ticht moat. In belangryk diel fan de gemeente ferset him tsjin dy sluting en wol no besjen oft de Koepeltsjerke op eigen krêft fierder kin.

Neffens foarsitter Drewel fan de algemiene tsjerkeried is de kâns dêrop lyts. Finansjeel en tsjerke-oardlik soe dat net kinne.

Trefwurden: 
tsjerke Koepeltsjerke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)