Sionsberg: 90 minsken derút

De Sionsberg © Omrop Fryslân
Njoggentich meiwurkers fan De Sionsberg hawwe dit wykein per brief ûntslach krige. It sikehûs moat ynkrimpe om't se gjin jild mear krije foar bertesoarch en de ferpleechôfdieling kardiology.
Woansdei is der oerlis mei de fakbûnen oer in sosjaal plan. Dêrnei wurdt dúdlik wannear't de minsken krekt thús komme te sitten.
Besocht wurdt safolle mooglik minsken te werpleatsen. Mei de sikehuzen yn Drachten en Ljouwert binne dêr ôfspraken oer makke. De ferwachting is dat der dochs twongen ûntslaggen falle sille.
By de njoggentich ûntslaggen sitte in hiel soad dieltiidwurkers. It giet mei-inoar om 40 oant 45 folsleine banen.