Oanpak Swette Feanwâlden begûn

03 sep 2012 - 14:30

Dantumadiel is begûn mei it opknappen fan bedriuweterrien De Swette yn Feanwâlden. Diken, ynritten, iepenbier grien en ferljochting wurde oanpakt. Fierders komt der in plak dêr't frachtweinen swaaie kinne. Mei de saneamde kearlus moat de oerlêst fan frachtweinen foar omwenners minder wurde, om't der minder ferkear oer De Swette hoecht te riden.

De opknapbeurt moat oan de ein fan dit jier klear wêze. It is it earste projekt fan in searje yn it ramt fan Feanwâlden Foarút.

Net allinnich it stasjonsgebiet, mar ek de komerk en it multyfunksjoneel sintrum wurde opknapt yn de plannen.

Trefwurden: 
Swette
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)