AOC hjit no Nordwin Kolleezje

03 sep 2012 - 12:38

It AOC Fryslân hjit tenei Nordwin Kolleezje. De nije namme is ûnderdiel fan in nije koers fan de skoalle. Dy wol mear ynsette op duorsemens en grien. De skoalle wol mear belutsen wêze by regionale, maatskiplike fraachstikken. Dat giet ûnder oare oer it realisearjen fan doelen fan oerheid en bedriuwen op it mêd fan kwaliteit fan iten, in duorseme griene sektor en bistewolwêzen.

By it Nordwin Kolleezje wurkje goed 400 minsken. Der binne 3000 learlingen en studinten op fiif plakken, yn Ljouwert, It Hearrenfean, Snits en Bûtenpost.

Foar de namme Nordwin is keazen om't dat freon út it Noarden betsjut.

Trefwurden: 
AOC Nordwin College
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)