Drankrider op A7

03 sep 2012 - 11:11

In 33-jierrige drankrider út It Hearrenfean is sneintejûn syn rydbewiis kwytrekke. Tsjûgen seagen dat de man op de A7 by De Jouwer fan de dyk rekke en warskôgen de plysje. Dy seach de man by it tankstasjon stean. Hy like yn 'e war, mar sei dat er medisinen brûkt hie en dat er ûnder it riden mei de radio dwaande west wie.

Ut in bloedproef die lykwols bliken dat de man te folle drank op hie.

Trefwurden: 
A7
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)