'Mear nijbou tsjin krisis'

03 sep 2012 - 10:44

It Fryske PvdA-Keamerlid Monasch fynt dat wenningboukorporaasjes reserves oansprekke moat foar nijbou. Dêrmei komt er protesten fan boubedriuwen temjitte tsjin falliseminten. Troch de krisis gean hûndert boubedriuwen en oannimmers yn 'e moanne fallyt.

In protestkaravaan fan tweintich boubedriuwen lûkt moandei by politike partijen yn Noard-Nederlân del. Se fine dat Den Haach wenningboukorporaasje en pensjoenfûnsen oanstjoere moat op mear nijbou. Monasch nimt dat stânpunt mei yn it programma foar de kommende ferkiezings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)