Hearrenfean net foarby Ajax

SC Hearrenfean hat snein mei 2-2 lyk spile tsjin Ajax. Nei de 1-0 fan Thulani Serero, krige Filip Djuricic fan 11 meter de kâns op de lykmakker, mar hy skeat oer. Ut in weromspylbal op de keeper skeat Alfred Finnbogason de 1-1 binnen. Krekt foar rêst tekene de Yslânske spits foar syn twadde treffer.
Nei it skoft wie it opnij Serero dy't skoarde. It wie ek fuort syn lêste aksje, want nei in oertreding op Djuricic krige er read. Yn de spannende slotfaze wienen Sven Kums en Arsenio Valpoort ticht by de 3-2, mar de winnende treffer bleau út.
De wedstriid yn it Abe Lenstrastadion begong in kertier letter om't de spilersbus fan Ajax fêststie foar in stikkene Ketelbrêge.