Van der Veen wint yn Makkum

© ANP
De haadklasse frije formaasjepartij yn Makkum is snein in proai wurden foar it partoer fan Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Yn de finale waarden Hilda Tjepkema, Romy van der Veen en Maaike Bruinsma mei 5-2 en 6-6 ferslein. Opfallend wie de oerwinning fan it partoer Tjepkema dat yn de heale finale mei oermacht wûn fan de PC-winners Marije Hiemstra, Imke van der Leest en Aukje van Kuiken.
It partoer fan Hiemstra moast de lytse preemje diele mei Joukje Kuperus, Feikje Bouwhuis en Harmke Siegersma.