Drokte op ambachtedei Spitkeet

Sa't de smid eartiids wurke © www.despitkeet.nl
Iepenloftmuseum De Spitkeet op de Harkema is tefreden oer de âlde-ambachtedei fan sneon. Dêr kamen likernôch achthûndert besikers op ôf. Dy koene ambachten sjen lykas meanen mei de seine en it harjen, oftewol slypjen fan de seine, oar smidswurk en spinnen en weven.
Hichtepunt wie neffens de organisaasje in boelguod, dêr't fychtich âlde dingen by opbod ferkocht waarden. De hannelers achter de ferkeapdiskes wiene ek tefreden oer de belangstelling.
Yn De Spitkeet kinne besikers sjen hoe't minsken tusken rûchwei 1850 en 1950 libben en wurken yn de Fryske heidegebieten. Dêr hiene se it tige earm.