Jonge skelt plysje út: oppakt

02 sep 2012 - 14:21

In 16-jierrige dronken Frjentsjerter is sneontenacht oanhâlden foar mislediging. Hy hie by fjochterij op de Troelstrawei yn Ljouwert plysjes útskolden.

De plysje trof de jonge oan doe't er op de grûn lei. Hy waard ûndersocht yn in sike-auto dy't der ek by wie, mar woe der net mear útkomme. De jonge gie troch mei skellen en dêrom is er oanhâlden. Nei ferhear op it plysjeburo mocht er wer fuort. Hy krige in bekeuring foar iepenbiere dronkenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)