LDODK begjint mei lyts ferlies

02 sep 2012 - 14:09

De kuorballers fan LDODK binne sneontejûn de kompetysje úteinset mei in teloarstellend 16-15 ferlies tsjin Amicitia. De gasten út Vriezenveen wienen krekt wat skerper, wylst it by LDODK noch dúdlik ûntbruts oan rûtine. By in stân fan 9-7 yn it foardiel fan Amicitia sochten beide ploegen de klaaihokken op.

Yn de twadde helte wist LDODK yn it spoar te bliuwen en kaam de ploech troch twa treffers fan Menno Russchen sels op likense hichte. Yn in spannende slotfaze wie it úteinlik Amicitia dat de beslissende treffer makke.

Nije wike giet LDODK op besite by DVO út Bennekom.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)