Fytsen yn grêft smiten

02 sep 2012 - 13:28

Twa Ljouwerters fan 16 en 20 jier binne sneontenacht oanhâlden foar it smiten fan fytsen yn it wetter fan de Nijstêd. In tsjûge hie dat sjoen en de plysje warskôge.

Mei help fan it sinjalemint koe de plysje it twatal oanhâlde, ek noch op de Nijstêd yn Ljouwert. De twa binne meinaam nei it plysjeburo en foar ferhear fêstset.

Trefwurden: 
Ljouwert Nijstêd grêft fyts
(advertinsje)