Mei 190 oer A31 nei Frjentsjer

02 sep 2012 - 13:09

In 21-jierrige man út Tsjummearum naam de ferheging fan de maksimumsnelheid sneontenacht wol hiel rom. Sûnt sneon mei op guon autodiken 130 km yn 'e oere riden wurde. De jongeman die dêr nochris 60 boppe-op. Mei 190 stode er oer de A31 rjochting Frjentsjer. Dêrby ried er ek oer de flechtstrook.

Plysjes dy't de man tsjinkamen, giene der achteroan. Se koene him by in ôfrit ta stilstân bringe. De begjinnend bestjoerder moast syn rydbewiis ynleverje en hy krige in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
A31 hurdrider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)