'WK keatsen goed ferrûn'

De organisaasje fan it WK keatsen is tefreden oer it ferrin fan it toernoai. Dat waard de ôfrûne wike hâlden yn Frjentsjer, Winsum en Easterein. Neffens foarsitter Theunis Piersma kaam der mear publyk as ferwachte en wie it ek sportyf sjoen in sukses. Hy tinkt dat der by de finansjele ôfwikkeling gjin problemen mear foar it ljocht komme sille, ek al brochten sponsors minder jild yn as op hope wie.
Piersma wol de kommende jieren besykje om fan it muorrekeatsen yn 2028 in Olympyske sport te meitsjen. Nederlân besiket de organisaasje fan dy Spelen yn hannen te krijen, omdat it yn 2028 hûndert jier lyn is dat it toernoai yn ús lân hâlden waard. It muorrekeatsen soe dan neffens Piersma yn Frjentsjer hâlden wurde moatte.