Frou rydt it wetter yn

01 sep 2012 - 17:22
  • Frou rydt achterút de feart yn

Troch alert te reagearjen hat in tsjûge fan in ûngelok sneon it libben rêden fan in 81-jierrige frou op De Jouwer. Sy wie it hiem by har hûs oan it Kofskip opriden. Nei alle gedachten trochdat se it gaspedaal yn plak fan de rem yntrape hie, wie se trochsketten en yn it wetter achter har hûs telâne kaam.

In tsjûge koe mei in plysje de frou út de auto weihelje. Foar de wissichheid is se mei de ambulânse nei it sikehûs fan It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
De Jouwer sleat feart
(advertinsje)