Lintsje foar frou IJke Bergsma

Lintsje © ANP
Loko-boargemaster Klaas de Boer fan Opsterlân hat sneon in keninklike ûnderskieding útrikt oan frou IJke Bergsma-Dijkstra fan De Gordyk. De 86-jierrige frou Bergsma waard beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau foar har ynset foar de maatskippij. Sa wie se ûnder oare aktyf foar de drankbestriding yn Opsterlân en wie se lid fan de tsjerkeried fan de herfoarme gemeente yn har wenplak.
Frou Bergsma krige de ûnderskieding útrikt op in byienkomst yn De Buorskip yn Beetstersweach.