Harkiten ferlieze earste duel

01 sep 2012 - 16:31

Harkemase Boys is de kompetysje begûn mei in 2-0 ferlies fan ACV. Yn Assen waarden de Harkiten oerrompele troch it goede spul fan de thúsploech, dat binnen it kertier op foarsprong kaam. In fan rjochting feroare skot soarge tsien minuten letter foar de rêststân fan 2-0.

Nei it skoft jage ACV op de tredde goal, mar keeper Jacob de Vries hold de Boys knap yn 'e wedstriid. De grutste kâns op de oanslutingstreffer wie foar Roel van der Meulen, dy't syn frije traap krekt oer gean seach. Yn de slotfaze noch in pear kânskes, mar gjin treffers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)