Van Basten bliuwt by krityk

Trainer Marco Van Basten hat sneon foar de mikrofoan fan Omrop Fryslân noch ien kear reagearre op de ophef oangeande syn krityk op de kluplieding. 'Het is natuurlijk hun goed recht om hun eigen draai te geven aan de transferbedragen. Feit blijft wel dat de spelers die aangetrokken zijn te laat zijn gekomen.'
Van Basten joech tongersdeitejûn fûle krityk op de kluplieding. Hy fynt dat de direksje te let spilers oanlutsen hat en Van Basten fielt him yn de maling naam; de ôfspraak wie nammentlik dat de helte fan it jild fan de spilers dy't ferkocht binne, ek wer ynvestearre wurdt. Neffens van Basten is dat 17 miljoen euro. En dat bart neffens Van Basten net. De direksje wjerleit Van Basten syn ferhaal: de Hearrenfean direksje hat foar 10,1 miljoen ferkocht en foar 4,4 miljoen oankocht en dus hâlde se har oan de ôfspraak.
Hearrenfean spilet snein tsjin Ajax. Hearrenfean hat de beskikking oer de nije spiler Daniël de Ridder, mar neffens Van Basten kinne sawol De Ridder as Marecek noch gjin folsleine wedstriid meidwaan.