Norbruis pakt sulver yn Londen

01 sep 2012 - 15:54

Hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp hat sneon op de Paralympyske Spelen yn Londen de sulveren medalje pakt op de 500 meter sprint. Norbruis lei lang op koers foar it goud, mar moast yn de lêste heale ronde belies jaan. Norbruis einige mei in tiid fan 39.174 krekt efter de Sinese Yin He, dy't in nij wrâldrekôr op har namme skreau. It brûns wie foar de Australise Jayme Paris.

Nije wike komt Norbruis noch yn aksje op de tiidrit en de wedstryd op de dyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)