Ljouwerter rotonde oer de kop

De gemeente Ljouwert lûkt 12 miljoen euro foar it opknappen fan it Europaplein. Dit is 3,5 miljoen euro minder as pland wie. De gemeente woe trije fytstunnels oanlizze by de turborotonde, mar kiest no foar twa.
Dizze komme ûnder de Valeriusstrjitte en de drokke Harnzerstrjitwei. Foar fytsers wurdt it feiliger en yn de wenwiken komt minder slûpferkear. De oanpak fan it Europaplein is ûnderdiel fan it better berikber meitsjen fan de stêd Ljouwert. Yn 2016 moat de turborotonde klear wêze.