Fries op list DPK beskuldige

01 sep 2012 - 12:45

De heechste Fries op de list fan de partij fan Hero Brinkman wurdt beskuldige fan fraude. Paul Plantinga, ûndernimmer yn Ljouwert, soe de hier net betelle hawwe fan in kantoarpân. Neffens de eigener fan dat pân, arsjitekt Gelt Glas, giet it om in bedrach fan sawat 22.000 euro. Ek oare ûndernimmers soene noch jild fan Plantinga ha moatte. Neffens Glas giet it ûndermear om in stoffearingsbedriuw en in kompjûtersaak.

Plantinga hat yntusken oanjefte dien tsjin Glas. Hy beskuldiget him fan smaad en laster. Boppedat soe Glas him fysyk bedrige ha.

Plantinga tinkt net dat de beskuldigings syn politike karriêre yn de wei stean sille. Hy stiet op nûmer 21 fan de list.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)