Klappen op fiskerijdagen

01 sep 2012 - 12:03

In ferkearsbegelieder by de fiskerijdagen yn Harns hat sneontemoarn klappen krigen fan in 33-jierrige man út Medemblik. Dat barde omtrint 9 oere yn de Sint Jacobstrjitte. De fertochte is oppakt en sit fêst op it buro. Wêrom't er de ferkearsbegelieder mishannele, is noch net dúdlik. Dat wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
fiskerijdagen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)