AFA fiert aksje tsjin PVV

De aksjegroep AFA-Fryslân, dat stiet foar anty-faksistyske aksje, sil de kommende tiid hurd aksjefiere tsjin de PVV. Oeral dêr't dat mooglik is wol de aksjegroep demonstrearje tsjin ferkiezingsbijienkomsten fan de PVV. Sûnt de Twadde Keamerferkiezings fan 2010 fiert de AFA al aksje tsjin de PVV. Se fine de partij rasistysk en net demokratysk.
De AFA sil aksjefiere op plakken dêr't de PVV oan it kampanjefieren is. Ek komt in grut spandoek te hingjen boppe de sneldyk A7 by Drachten.