Friezen twad by muorrekeatsen

De Nederlânske keatsdelegaasje © Omrop Fryslân
De Nederlânske froulju binne by it WK keatsen op it twadde plak einige by it ûnderdiel muorrekeatsen. De froulju fan Puerto Rico wienen freedtejûn mei 2-0 te sterk. Foar de froulju sit it WK der dêrmei op. De manlju stride noch om de titel by it Llargues.
It Nederlânske team nimt it sneontemiddei yn de heale finale op tsjin Ekwador. Letter yn 'e middei folget dan mooglik de finale. De wedstriden wurde spile yn Frjentsjer.