Lykspul Go Ahead-Cambuur

01 sep 2012 - 10:19

Cambuur hat freed mei 1-1 lyk spile yn de útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles. De Ljouwerters spilen it earste healoere net bêst en kamen yn de 28e minút achter troch in penalty. Dy krige Go Ahead Eagles om't Tim Bakens by in sliding yn it strafskopgebiet hands makke hawwe soe.

Yn de twadde helte wie Cambuur de boppelizzende partij. De lykmakker foel yn de 70e minút en kaam fan Michiel Hemmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)