Wetsus optein oer stipe

Wettertechnologysk ynstitút Wetsus is optein oer de stipe út Den Haach. De Twadde Keamer stimde tiisdei yn mei in moasje om foar 1 april sekerheid te jaan oer finansjele stipe oan it ûndersyksynstitút.
Dy wie ynstjinne troch Anne Wil Lucas fan de VVD en Lutz Jacobi fan de PvdA. Allinne yn 2012 is Wetsus noch wis fan jild fan it ryk. Wetsus fielt de byfal út Den Haach as in wichtige steun yn de rêch. Mar mei dat sinjaal allinne is Wetsus net wis fan syn takomst, seit direkteur Johannes Boonstra.