Bouboeren wolle maatregels

31 aug 2012 - 21:32

Bouboeren yn Noardwest-Fryslân wolle dat de provinsje en it Wetterskip gau beslute om maatregels út te fieren tsjin de skea fan de grutte wetteroerlêst. Flinke buien en hurde wyn hawwe freed ikkers ûnder wetter set wêrtroch't de rispinge fan jirpels en oare gewaaksen yn gefaar komt.

Der leit al wol in plan om kaden te fersterkjen en wetterbergings oan te lizzen, mar de útfiering lit noch op him wachtsje. De deputearren Kramer en Schokker hawwe freedtejûn bouboeren yn de troffen regio besocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)