Tryater:opnij Stamppot Schmidt

Toanielselskip Tryater giet yn it seizoen 2012-2013 mei twa reisfoarstellings de Fryske sealen lâns. Tiisdei waard it programma fan dat seizoen presintearre. Ien fan beide stikken is in reprize: it stik Stamppot Schmidt op basis fan it wurk fan Annie M.G. Schmidt, wurdt opnij op de planken brocht.
Neffens Tryater wurdt der noch sa'n soad nei it stik frege dat in reprize fan de famyljefoarstelling op syn plak is. It oare stik is Anton Tsjechovs Omke Wanja. Dêrfan nimt artistyk lieder Ira Judkovskaya de rezjy op har. Oan dat stik docht it hiele selskip fan Tryater mei.