Ghoochannejhad nei Luik

31 aug 2012 - 13:43

Ald-Cambuur- en Hearrenfeanspiler Reza Ghoochannejhad sil yn de winterstop oergean nei Standard Luik, de ploech fan trainer Ron Jans. De 24-jierrige Ljouwerter sit op dit stuit by it Belgyske STVV yn Sint Truiden.

De ôfrûne tsien dagen hie Ghoochannejhad him siik melden, mar freed trainde er wer mei. STVV giet no op syk nei in nije spits.

(advertinsje)