'Net te hurd ride op Flylân'

Steatsboskbehear op Flylân ropt eilanners op om goed om de snelheid op it eilân te tinken. De oanlieding is in ynsidint earder dizze wike. Doe waard mei in auto hurdriden op it 20 km-paad, in soart fan skulpepaad dwers troch de heide dêr't Skotske heechlanners rinne. Dy waarden sa kjel dat Steatsboskbehear in skoftsje neat mei de bisten wurde koe.
Boskwachters, de plysje en de gemeente roppe op om de beheinings foar te hurd riden te respektearjen.