Konkoers Droegeham giet troch

31 aug 2012 - 12:47

It konkoers hippyk yn Droegeham giet sneon wol troch. Der wie earst noch twifel, omdat der in soad reinwetter fallen is. Mar de organisaasje hat besletten it wol trochgean te litten.

Op it konkoers wurde trije kampioenskippen ferriden. Boppedat sil Adelinde Cornellisen, dy't op de Olympiade yn Londen sulver wûn hat, der in show jaan. It konkoers hippyk yn Droegeham is sneon foar de 33e kear. Al dy kearen is it noch nea ôfsein.

Trefwurden: 
Droegeham konkoers hippyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)