Untslaggen by jachtbouwer

31 aug 2012 - 12:09

Aquanaut Yachting Holland yn Snits wol njoggen minsken dien jaan. Troch de krisis hat it bedriuw minder wurk. It personiel is tiisdei op de hichte brocht fan de ûnslachplannen. De fakbûnen binne ek al bypraat. Sy sille mei it bedriuw ûnderhannelje oer in sosjaal plan foar de meiwurkers dy't dien krije. By it bedriuw wurkje goed fjirtich minsken.

Aquanaut hâldt him dwaande mei de bou en renovaasje fan lúkse jachten. Se dogge ek oan ûnderhâld en se hawwe in stalling foar boaten.

Der stean noch wol wat offertes út by it bedriuw. Mochten dy allegearre ta in opdracht liede, dan kinne meiwurkers langer oanbliuwe.

Trefwurden: 
krisis jachtbouwer Aquanaut
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)