Scootmobiler (93) te wetter

31 aug 2012 - 11:23

In 93-jierrige ynwenner fan Appelskea is tongersdeitemiddei mei syn scootmobyl it wetter oan 'e Bokslootwei yn Ravenswâld ynriden. Wat dêr de oarsaak fan wie, is noch net dúdlik.

De man koe mei muoite út it wetter helle wurde. Hy is oerbrocht nei it sikehûs, om't er wetter binnenkrige hie.

Trefwurden: 
ûngelok scootmobyl wetter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)