Omrop krijt status aparte

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân krijt in aparte posysje yn it nije omropbestel. De oare regionale omroppen moatte yntegrearje yn de lanlike publike omrop, mar dat jildt net foar de Omrop. Minister Donner fan ynlânske saken en minister Bijsterveldt fan mediasaken hawwe ynstimd mei de ynstelling fan in spesjale kommisje dy't besjen sil hoe't de Omrop har taken útfiere kin.
Rein-Jan Hoekstra sil de kommisje foarsitte. Hy hat earder ek al advisearre oer de posysje fan de Omrop en it Frysk. Foar 1 maart bringt de kommisje advys út. De ministers skriuwe ek dat der net besunige wurde sil op it lanlik budzjet foar Omrop Fryslân, wylst de oare omroppen it wol mei minder dwaan moatte.