Drokte by gastâlderburo's

30 aug 2012 - 16:52
  • Drokte by gastâlderburo's
  • Hilda Bosman fan it gastâlderburo fan berne-opfang Ljouwert

De betellingsproblemen by Gastouderbureau Friesland yn Drachten soargje foar in soad drokte by oare gastâlderburo's. Al wiken wurde dy bedriuwen belle troch ûngerêste gastâlders dy't oerstappe wolle of dat oerwaagje. Woansdei kaam nei bûten dat in soad gastâlders al moannenlang gjin salaris krigen ha fan Gastouderbureau Friesland.

Ferskate gastâlderburo's ha al brieven skreaun oan de dupearre gastâlders dêr't se har tsjinsten yn oanbiede. Dêrmei hoopje se mear âlders te lûken.

(advertinsje)